Amarins bliuwt foarbest opslaan
It moat foar de oare pupillen famkes hast ferfelend wurde om tsjin dat blonde famke út Mantgum te keatsen. Mei dat “blonde famke” bedoele wy fansels ús Amarins. Se hie snein 13 juni al wer de earste priis op in t.i.l. partij. Dizze kear yn Bitgum. Foar har sels sil it winnen noch wol net sa gau ferfele en foar ús ek net.
Mar de keatsferiening is like grutsk op al dy oaren dy’t op dit stuit fuort gean te keatsen. Jelle en Gjalt stienen yn St. Nyk tsjinoer elkoar en dat waard wûn troch Jelle en syn maat. Mar dêrnei gienen sy der ôf. Gjalt hie dêrnei mear gelok. Hy behelle úteinlik de twadde priis yn de ferliezersronde. Rianne Nutma, dy’t ek by ús lid is, wûn yn Bitgum in earste priis yn de B-Klasse. Us talintetrio Bregt, Jennie en Amarins koenen sneon yn de ôfdielingskompetysje spitigernôch neat winne. Mar se spylje dan ek yn de A kategory en dan moat je fansels al tsjin de sterkste partoeren fan Fryslân.
Geplaatst op 13 June 2010